Twa Dútsers ferwûne by brân

Ambulânse © ANP XTRA
Twa Dútsers binne sneontemoarn betiid yn de haven fan De Lemmer licht ferwûne rekke. Om fiif oere hinne bruts der yn de haven oan de Plattedyk brân út op in boat. In 58-jierrige man azeme reek yn en rûn brânplakken oan syn fingers op. Hy koe lykwols sels de brân útkrije.
Syn 19-jierrige dochter rûn ek brânferwûnings oan de fingers op. Heit en dochter binne beide foar kontrôle nei sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean brocht.