Kennedymars giet net troch

05 apr 2014 - 10:58

De Kennedymars yn Wâlterswâld giet dit jier net troch. Fanwege it wurk oan de Sintrale As fynt it bestjoer it net fertroud om de 80 kilometer lange kuiertocht yn augustus trochgean te litten. By Wâlterwâld ûnstiet yn dy tiid in grutte bouput.

Boubedriuw Heijmans hat alle meiwurking oan de tocht tasein bygelyks troch it lizzen fan rydplaten. Mar it bestjoer wol gjin inkeld risiko nimme. En dêrom is de tocht dit jier skrast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)