Drugsfangst yn Noardwâlde

05 apr 2014 - 10:25

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon yn Noardwâlde by in kontrôle 83 xtc-pillen en in pûde mei 35 gram poeier yn beslach nommen. It giet nei alle gedachten om harddrugs.

Aginten rûkten in sterke himplucht by in auto op in parkearplak oan de Elswei. Dêr sieten twa manlju fan 21 en 24 jier út Noardwâlde yn. Beide manlju binne oanholden en de plysje sil de saak fierder ûndersykje.

Trefwurden: 
drugs xtc
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)