Vandenbussche nei AA Gent

04 apr 2014 - 18:43

Keeper Brian Vandenbussche fan SC Hearrenfean stapt oan de ein fan it seizoen oer nei AA Gent. Hy tekenet dêr in kontrakt foar twa seizoen. Vandenbussche is by Hearrenfean reservekeeper, efter Kristoffer Nordfeldt.

SC Hearrenfean hat Vandenbussche al earder witten litte dat syn ôfrinnende kontrakt net ferlingd waard. Hy spile sûnt 2004 by Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)