Stadionferbod relskoppers

Cambuursupporters by it stadion © Omrop Fryslân, Harm Weistra
SC Cambuur hat fjirtjin relskoppers in stadionferbod jûn. Se binne freed op de hichte brocht. De relskoppers makken diel út fan de groep dy't ôfrûne tiisdei trainer Dwight Lodeweges bedrige. Dy is dêrom opstapt. Ek hawwe de relskoppers saken fernield.
Boargemaster Ferd Crone is fan doel om alve fan de fjirtjin in gebietsferbod op te lizzen foar trije jier. Cambuur en de gemeente slute net út dat noch mear minsken in stadion- of gebietsferbod krije. Cambuur hat freed ek oanjefte dien by de plysje.