Wer arrestaasje Tsjûkemarmoard

04 apr 2014 - 17:15

It Iepenbier Ministearje hat de 18-jierrige Amsterdammer dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by de moard op Omar Kourrich by de Tsjûkemar yn juny opnij oppakke litten. De rjochtbank liet de man yn jannewaris frij, mar hy bleau wol fertochte. Op basis fan nije ynformaasje is de Amsterdammer no wer oppakt. De rjochter-kommisaris hat him 14 dagen fêstsette litten.

Kourrich waard dea fûn op in parkearplak by de Tsjûkemar. Hy wie fêstbûn en yn brân stutsen. De heit fan de Amsterdammer is ek fertochte. De tredde fertochte is in Roemeen.

Trefwurden: 
moard Tsjûkemar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)