Noring tekenet by Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean hat freedtemiddei in nije keeper presenteard. It giet om de 23-jierrige Zweed Viktor Noring. Noring is transferfrij en komt oer fan de Noarske klup Bodo/Glimt. Dêrfoar spile hy foar it Sweedske Trelleborgs en waard hy ferhierd oan Malmö en Celtic, mar by dy ploegen spile hy noait.
Noring kaam út foar Jong Zweden en makke begjin jannewaris 2011 syn debút foar it nasjonale alvetal yn in oefenynterlân tsjin Súd-Afrika. Noring begjint 1 july by Hearrenfean.