Undernimmers Skylge ek bliid

04 apr 2014 - 15:33

De ûndernimmers op Skylge binne bliid dat mei it akkoart fan Doeksen en de EVT in ein kaam is oan de jierrenlange striid tusken de feartsjinsten. Se hoopje dat de rêst op it eilân no wer werom komt. Wol binne der soargen oer de prizen. No't de konkurrinsje fan de EVT fuortfalt, binne se bang dat de prizen fan Doeksen wer omheech gean.

Tongersdei lei der ynienen in akkoart tusken de rederijen Doeksen en de EVT en it ministearje fan ynfrastruktuer en miljeu oer de feartsjinsten nei Skylge en Flylân. De EVT wurdt oarnaam troch Doeksen.

It ministearje betelllet de EVT in skealeasstelling fan 9 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)