Topdei foar fleantúchspotters

04 apr 2014 - 12:39

Fanút hiel Nederlân binne fotografen fan jachtfleantugen nei fleanbasis Ljouwert reizge om fleantugen te spotten en te ferivigjen. Op de basis wurdt de oefening Frisian Flag hâlden. Gefjochtsfleantugen út hiel Europa binne dêrom twa wike lang yn Ljouwert.

Spotter Klaas Koopman út Dronryp is ien fan 'e mear as 100 spotters rûn it fleanfjild. Koopmans hat hast de hiele wike frijnommen foar syn hobby.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)