500 boetes by Sumar

© ANP XTRA
Mear as 500 automobilisten binne tongersdei op de bon slingere op de N356 by Sumar. Op dizze dyk jildt in oanpaste maksimum snelheid fan 50 kilometer de oere fanwege it wurk oan de dyk yn it ramt fan de oanlis fan de Sintrale As. Fan de 3847 auto's dy't lânskomen rieden 521 minsken te hurd.
Ien fan de bestjoerders hie mar leafst 100 kilometer de oere op 'e teller doe't er lâns de plysjekontrôle ried.