Plan foar nije sporthal Dokkum

Yn it Tolhúspark yn Dokkum moat in multifunksjonele sportakkommodaasje komme, mei in nije sporthal en it hjoeddeistige swimbad. Dat is it plan fan de gemeente Dongeradiel. De âlde sporthal De Trimmer is nedich oan renovaasje ta, lykas it gymnastyklokaal. Boppedat rint ynkoarten it hierkontrakt mei de eksploitant fan it swimbad ôf.
De nije akkommodaasje komt tichtby de middelbere skoallen, sadat learlingen net langer troch de stêd hoege te reizgjen foar gymlessen. De gemeente siket in ûndernimmer dy't de akkomodaasje wol eksplotearke wol.
Foar de simmer wurde de earste resultaten bekend makke, wêrnei't Dongeradiel nei de simmer útein set mei it kiezen fan de meast geskikte partij.