Alvestêden: hûndert nije leden

Alle kommoasje om it al of net trochgean fan 'e Alvestêdetocht is goed foar it ledetal fan feriening de Friesche Elf Steden. De ôfrûne wiken hawwe har goed hûndert nije leden oanmeld. It bestjoer ferwachtet op sa'n tûzen nije potinsjele riders út te kommen.
Dy krije dan de status lid mei startkâns. Dat betsjut dat je it iene jier al, en it jier dêrnei gjin rjocht ha om mei te dwaan oan de tocht. Nei de Alvestêdetocht fan 1997 naam it ledetal ek al bot ta.