Stjoerde lotting op de PC

Foar it earst yn goed 160 jier sil der op de PC net mear frij lotte wurde. De PC giet mei yn it rankingsysteem fan it KNKB en dat hâldt ûnder oare yn dat der in stjoerde lotting plak fynt. De details fan de PC-lotting moatte noch ynfolle wurde, mar dúdlik is dat de tradisjoneel ynstelde PC in grutte stap makket.
Neffens PC-foarsitter Johannes Westra moat ek in tradisjoneel ynsteld ynstitút as de PC soms mei yn in feroarjende wrâld. De keats-off, dêr't yn keatst wurdt foar it lêste plak op de PC, bliuwt yn 2014 noch wol.