Mooglik asbest by wenningbrân

Der is mooglik asbest frijkaam by in wenningbrân oan de Kievitsstrjitte op It Hearrenfean. De brân ûntstie oan de ein fan de middei yn in garaazje, mar sloech al gau oer nei it dak fan de wenning. De brânwacht hie it fjoer al gau ûnder kontrôle, mar dochs moasten in oantal bewenners fan oare wenningen yn de buert harren hûs út. Neffens de brânwacht is der mooglik asbest frijkaam. Dêr wurdt op dit stuit noch ûndersyk nei dien. Wat de oarsaak west hat fan de brân is net bekend.