Kulturele jûnen yn lege huzen

03 apr 2014 - 17:09

Yn Koudum wurde freed yn seis huzen dy't te keap stean kulturele jûnen organisearre. Kulturele organisaasje "De Súdwester" wol dêrmei de huzen ûnder de oandacht bringe, Yn Koudum steane sa'n 40 huzen te keap. Men kin by de huzen delkuierje en sjen wat der te rêden is. Meidwaan is fergees.

It idee om kultuur en leechstân mei-inoar te kombinearjen ûntstie op in gearkomste fan it bestjoer fan de Súdwester. Der is romte foar seis groepen om mei te dwaan, se wurde begelaat troch saneamde kulturele makelers.

De huzekuier begjint om 19.30 oere en is fergees. Minsken kinne harren opjaan troch in mail te stjoeren nei desudwestercultureel@live.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)