Ofslútdyk mei ôfsletten wurde

Boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân jout grien ljocht foar de protestaksje fan aksjegroep Don Quichot op 11 april. De aksjegroep tsjin wynmûnen yn de Iselmar wol de Ofslútdyk ôfsette. Se dogge dat troch ferskate skippen ûnder de brêge fan de slûs stil lizzen te litten.
Apotheker fynt wat oerlêst foar it ferkear gjin probleem as dat ôfsetten wurdt tsjin it rjocht fan minsken om te demonstrearjen. Hy fynt wol dat it gjin oeren duorje mei.