Oerterper oppakt yn Castricum

03 apr 2014 - 12:44

In 25-jierrige man út Oerterp is woansdeitemiddei troch de plysje oanholden op fertinking fan in poging ta ynbraak yn Castricum. Dat soe er tegearre mei in 21-jierrige man út Nieuwegein dien ha. De beide manlju waarden troch in ynwenner fan Castricum sjoen doe't se by in wenning oanbellen en dêrnei in stege ynslûpten. De tsjûge belle de plysje, dy't it twatal oanhold.

Yn de buert waard ynbrekkersark fûn. De beide manlju sitte noch fêst op it buro yn ôfwachting fan it ûndersyk fan de plysje.

Trefwurden: 
ynbraak Oerterp Castricum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)