Facebookaksje 'Dwight bedankt'

03 apr 2014 - 12:22

In grutte groep Cambuursupporters kin him net fine yn de wize fan protestearjen tsjin trainer Dwight Lodeweges. Op Facebook is dêrom in pagina makke mei de titel 'Dwight Bedankt.

Supporters kinne op dy wize harren wurdearring útsprekke foar de prestaasjes fan de trainer dy't aanst nei Sportklup Hearrenfean giet. Pieter ten Zijthoff hat de Facebookpagina oanmakke. Hy fynt dat it oare lûd oer de oerstap fan Lodeweges ek heard wurde moat. De Facebookpagina hie tongersdei oan de ein fan de moarn al mear as 1500 likes.

Facebook pagina Dwight bedankt

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)