Kening iepenet slûs yn Starum

03 apr 2014 - 11:36

Kening Willem-Alexander sil op 8 maaie de twadde Johan Frisoslûs yn Starum iepenje. It nije slûskompleks is boud neist de besteande Johan Frisoslûs. Mei de nije foarsjenning moat in ein komme oan de lange wachttiden foar de wettersporters.

De nije slûs is enerzjyneutraal en de kolk jout boatsjeminsken folwaande romte om te manoeuvrearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)