Brân yn reiden kap yn Drachten

Brânblusser © Omrop Fryslân
De brânwacht fan Drachten moast tongersdeitemoarn yn aksje komme by in brân oan de Pier Panderstrjitte yn Drachten. Goed healwei njoggenen kaam der in melding binnen fan in brân yn de reiden kap fan in frijsteande wenning. By oankomst die bliken dat it om in lyts brantsje gong.
De brânwacht hie de brân binnen it healoere ûnder kontrôle. It liket te gean om in skoarstienbrân. Der rekke gjinien ferwûne.