Plannen nije slûs yn Ofslútdyk

03 apr 2014 - 07:33

Jachtbouwer De Vries Makkum wol de skipswerf flink útwreidzje as der in nije, gruttere slûs yn de Ofslútdyk komt. De bou fan de nije slûs fan 45 miljoen euro moat yn 2017 begjinne. Foar De Vries hâldt dat yn dat der tenei gruttere skippen boud en ûnderhâlden wurde kinne.

It bedriuw is yn oerlis mei de gemeente om út te wreidzjen. Dat is neffens direkteur Sijbrand de Vries goed foar de wurkgelegenheid. De plannen foar de twadde slûs steane tongersdei sintraal op in sympoasium yn Koarnwertersân.

Provinsjes en gemeenten binne drok dwaande om it jild op it kleed te krijen. Foar de simmer moat dúdlik wêze oft de nije slûs der komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)