Bouwmeester net yn aksje
Sylster Marit Bouwmeester is op de tredde dei fan it syltoernoai om de wrâldbeker yn Palma de Mallorca net yn aksje kaam. De wyn wie net hurd genôch om te silen. Hjirtroch feroaret der neat yn de stân en stiet Bouwmeester nei fjouwer races noch hieltyd boppe-oan yn it klassemint.