Cambuur ferliest by FC Utrecht

Cambuur hat woansdeitejûn de útwedstriid tsjin FC Utrecht mei 1-0 ferlern. It wie in wichtige wedstriid foar beide klups. Jacob Mulenga makke yn de twadde helte de beslissende goal. Cambuur krige neist it ferlies ek noch in reade kaart te ferwurkjen. Lucas Bijker moast hjirtroch it fjild ferlitte. Troch it ferlies steane FC Utrecht en Cambuur no like heech op de ranglist. Se hawwe beide 35 punten.