Grûn foar kampus ferkocht

De ferâldere seefeartskoalle op Skylge dy't fernijd wurde moat © Google Streetview
Steatsboskbehear hat de grûn foar de bou fan de kampus fan it Maritym Ynstitút Willem Barentsz ferkocht oan de gemeente Skylge. Ek de grûn foar de wenningbou yn it gebiet West Aletalaan faze 4 is ferkocht. It giet om in stik grûn fan yn totaal 4 hektare. De partijen sille mei-inoar in plan meitsje foar it ûnderhâld fan de boskstrook tusken de kampus en de Burgemeester van Heusdenwei.
Steatsboskbehear hâldt de romte om in wenning te bouwen foar meiwurkers. De Ried fan Steat moat noch útspraak dwaan oer it bestimmingsplan fan de kampus.