Noarden wol duorsumer

Duorsume enerzjy
De provinsje Fryslân wol yn gearwurking mei Grinslân, Drinte en Noard-Hollân de kommende jierren folle mear duorsume enerzjy opwekke. No is 8,4 prosint fan it totale enerzjypakket duorsum, mar dat moat yn 2020 goed 21 prosint wêze. It plan hjirfoar is woansdei oanbean oan minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken. Yn de plannen stiet ûnder oare dat de havens yn Harns, Den Helder en de Eemshaven brûkt wurde sille as útfalsbasis foar de montaazje en it ûnderhâld fan wynmûnen op see.