Keunstners wolle crowdfunde

Der is in soad belangstelling foar it sprekoere foar keunst-crowdfunding dat Keunstwurk mei voordekunst organisearre hat. Crowdfunding is jild ophelje yn de eigen omjouwing en by it grutte publyk om in keunstprojekt mooglik te meitsjen. Om't de subsydzjes hieltyd mear weromrinne moatte keunstners sykje nei oare finansiers.
It idee fan crowdfunding (mienskipsstipe) is dat de keunstner ek in tsjinprestaasje leveret foar de bydrage fan in sponsor. Sa kin in fotograaf in foto oanbiede of in muzikant jout foar in bepaald bedrach in húskonsert.