Omset AB Vakwerk omheech

Wurk oan de dyk © ANP XTRA
De omset fan útstjoerburo AB Vakwerk is ferline jier mei rom 12 prosint omheech gien. Dat resultaat is in stik better as dat fan 2012, doe gie de omset noch mei 3 prosint omleech. Wol is it eksploitaasjeresultaat fan it bedriuw 1,3 miljoen negatyf. Neffens AB Vakwerk komt dat troch de kosten fan de resinte reorganisaasje. Yn 2013 krigen 41 wurknimmers by it bedriuw dien. Neffens de direkteur moatte kosten fan de reorganisaasje sjoen wurde as in ynvestearring dy't him yn de takomst werom betellet.