Al dwaande mei WTTV-festival

02 apr 2014 - 17:21

It festivalseizoen komt der wer oan. Ek de organisaasje fan it Ljouwerter festival Welcome to the village is drok mei de tariedings. It festival kin dit jier hast twa kear safolle besikers ûntfange as ferline jier. Sa'n 6.000 minsken kinne yn july teplak by de Grutte Wielen. Op it program stiet de Britske Band of Skulls en ek in soad Frysk talint, lykas as de jonge band Sväva en de manlju fan When we are wild en de Ljouwerter singersongwriter Tim Tells.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)