Oerlêst skoalplein oanpakke

02 apr 2014 - 17:13

Om skoallen op It Hearrenfean hinne moat it feiliger en leefberder wurde. De plysje, stichting Kaleidoskoop, skoalnetwurk de Basis en de gemeente wurkje gear om de oerlêst op skoalpleinen fan De Ljepper, Ekke de Haan, Letterbeam en de Van Kleffensskoalle te oan te pakken. Jongeren komme dêr mei alkohol.

De gemeente hat in alkoholferbod ynsteld foar dizze skoalpleinen. In oare maatregel is it pleatsen fan nije skoalpleinbuorden mei regels by de yngong fan de pleinen. Der stiet in ferbod op om nei 22.00 oere op it plein om te hingjen.

Trefwurden: 
It Hearrenfean skoalplein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)