Derks: útstel sil te min wêze

02 apr 2014 - 16:52

In pear dagen útstel sil net genôch wêze foar in goede finansjele ûnderbouwing foar de plannen fan Icedôme yn Almere. Dat seit Thialf-direkteur Eelco Derks. It reedrydbûn KNSB en sportkoepel NOC*NSF woene foar 1 april graach dúdlikheid jaan oer de plannen. No ha se bekend makke noch in tal dagen nedich te hawwen de saak juridysk ôf te dekken. Derks fan Thialf hie dat al ferwachte.

Trefwurden: 
Thialf Icedôme
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)