Sterk iepenet boekhannel A'dam

02 apr 2014 - 14:26

Steven Sterk fan De Gordyk iepenet in boekwinkel yn Amsterdam oan de Nieuwezijds Voorburgwal. Steven Sterk is ien fan de grutste boekhannelers fan ramsj-boeken, boeken dy't oerbleaun binne fan grutte partijen. Yn de winkel yn Amsterdam siet de Wrâldbiblioteek, dy't dit jier ferkocht waard. Nei it ferdwinen fan De Slegte út de Kalverstrjitte en de ûnwisse situaasje fan boekwinkel Polare, wie der neffens Sterk romte foar in nije boekhannel yn Amsterdam. Hy slút net út dat er ek yn oare stêden noch winkels iepenje sil.

Steven Sterk begûn yn 1989 mei in winkel ûnder de Dom yn Utrecht. Yn 2007 liet er op De Gordyk in magazyn fan 5.000 kante meter bouwe, dat is it distribúsjesintrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)