Soad animo foar ferbrûksmeter

02 apr 2014 - 14:08

Ynwenners fan Eaststellingwerf rinne waarm foar in spesjale meter dy't har enerzjyferbrûk mjit. De ynskriuwtermyn foar de aksje wie al sletten, mar de gemeente krijt noch hieltyd oanfragen. De gemeente stelt de meters beskikber yn it ramt fan it projekt "goed voorbeeld doet goed volgen". De dielnimmers krije mei de meter ynsjoch fan har enerzjyferbrûk, sawol stroom as gas en ek de opbringst fan de sinnepanielen kin der yn meinommen wurde. Doel is dat minsken har mear bewust wurde fan it ferbrûk en sjogge wêr't se besparje kinne.

Trefwurden: 
enerzjy Eaststellingwerf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)