Bergingsfiver Dokkum fergrutte

De wyk Hoedemakerspolder yn Dokkum hoecht net mear bang te wêzen foar oerstreamings, want dizze wike is begûn mei it fergrutsjen fan de bergingsfiver by de Burdaarderstrjitwei. Dizze maatregel moat foarkomme dat de wyk der ûnderstrûpt as der in hiel soad rein falt. Meikoarten begjint Wetterskip Fryslân ek mei de bou fan in nij poldergemaal mei in folle hegere kapasiteit as fan it besteande gemaal. Dêrmei moat de ôffier fan rioelwetter goed regele wêze.