Cambuur: nederlaach foar klup

'In nederlaach foar de klup', sa neamt de kluplieding de aksje fan de groep Cambuur-supporters tiisdei by it stadion. De tritich supporters dy't de trainer bedrigen, krije in stadionferbod. De groep woe ferhaal helje nei oanlieding fan de oerstap fan trainer Dwight Lodeweges nei SC Hearrenfean. De lieding fan Cambuur begrypt dat dit nijs emoasjes opropt, mar fynt de aksjes fan de supporters der fier by troch. Hielendal no't Lodeweges as gefolch fan de aksjes besletten hat de klup earder te ferlitten as de bedoeling wie.
De klup wol him no hielendal rjochtsje op de wedstriid woansdei yn en tsjin Utrecht. Cambuur hat noch in pear puntsjes nedich om ek takom jier wis te wêzen fan in plakje yn de earedivyzje. Nettsjinsteande alles wat der no bard is, hopet direkteur Gerald van den Belt fan Cambuur dat der op in goede wize ôfskied nommen wurde kin fan Dwight Lodeweges.
Tongersdei om tolve oere hinne is in parsekonferinsje fan Cambuur, dy is live te folgjen by Omrop Fryslân op televyzje en ynternet.