Himp yn hûs Donkerbroek

02 apr 2014 - 11:27

De plysje hat moandeitejûn in lytse himpkwekerij ûntmantele yn in hûs oan de Vicariestrjitte yn Donkerbroek. De plysje fûn yn in keamer fan it hûs de kwekerij mei in lytse 200 planten. De stroom foar de kwekerij waard yllegaal ôftape. De 48-jierrige bewenner wurdt meikoarten heard op fertinking fan it kweken fan himp en stellerij fan elektrisiteit. De kwekerij is ûntmantele en it guod is ôffierd en sil ferneatige wurde.

Trefwurden: 
plysje himp Donkerbroek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)