Burgernet komt mei mailservice

02 apr 2014 - 11:17

Dielnimmers oan Burgernet yn Snits, Smellingerlân, Opsterlân en Hearrenfean kinne meikoarten neist sms-berjochten ek e-mails ûntfange om te helpen by it oplossen fan in misdriuw of fermissing. It giet om mails dêr't ekstra ynformaasje yn frege wurdt, bygelyks oer in ynbraak.

De plysje kin op Burgernet-mail minsken freegje mei de fraach oft se wat sjoen ha fan de ynbraak of wolris op strjitte ûnbekende persoanen sjoen hawwe dy't der mooglik mei te krijen ha. Meidwaan oan Burgernet-mail is frijwillich.

De nije email-service wurdt dit jier útrôle yn alle Fryske gemeenten.

Trefwurden: 
plysje burgernet
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)