Priis foar Snitser bakker

02 apr 2014 - 11:11

Banketbakkerij De Korenbloem út Snits hat de tredde priis wûn by it lanlike gilde Heerlijk en Heerlijk. It hiele jier wurde tolve produkten yn winkel helle en keurd troch it Bakkerij Sintrum yn Wageningen. Ek wurde fjouwer anonime klanten op paad stjoerd om de winkel te beoardieljen.

Yn Fryslân binne neist de Korenbloem fan Snits ek bakkerij Salverda en bakkerij Nijstêd út Ljouwert oansletten by it gilde.

Trefwurden: 
Snits bakker Korenbloem gilde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)