Narsingh yn Oranje

© Omrop Fryslân
Luciano Narsingh fan SC Hearrenfean is foar it earst yn syn karriêre selektearre foar it Nederlânsk alvetal. Oranje spilet op 29 febrewaris in oefenwedstriid tsjin Ingelân. Bûnscoach Bert van Marwijk hat mei-inoar 27 spilers útkeazen.
Der falle yn de oanrin nei de wedstriid noch wol in pear spilers ôf. Rochterspits Narsingh spile oant no ta 49 kompetysjewedstriden foar SC Hearrenfean. Dêryn skoarde er tsien kear. Dit seizoen stiet de teller op 21 wedstriden mei fiif goals. Trettjin kear wie Narsingh de oanjouwer fan in doelpunt.
Narsingh spile earder foar Jong Oranje. Dat alvetal fan spilers oant 21 jier spilet op 29 febrewaris in kwalifikaasjewedstriid foar it EK yn 2013, út tsjin Skotlân. Jeffrey Gouweleeuw en Rajiv van La Parra fan SC Hearrenfean binne foar dit duel fan Jong Oranje selektearre.