Gjin kûgelgat hûs Foarstreek

02 apr 2014 - 06:34
Der soe sketten wêze op dit hûs oan de Foarstreek - Foto: Kappers Media

De plysje melde tiisdeitejûn fia Twitter dat der mooglik sketten wie op in hûs oan de Foarstreek yn Ljouwert. Undersyk hat dúdlik makke dat it gatsje yn it rút net feroarsake is troch in skot út in fjoerwapen. De eigener tocht dat it gatsje in kûgelgat wie. It stik fan de Foarstreek waard ôfsetten foar ûndersyk. Wat it gatsje wol feroarsake hat, bliuwt ûndúdlik.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje Foarstreek
(advertinsje)
(advertinsje)