Ferkear moat woansdeitemoarn rekken hâlde mei tichte mist, op in soad plakken is it sicht minder as 50 meter. De ferwachting is dat de mist yn de rin fan de moarn oplûke sil en dat it dan in moaie sinnige maitiidsdei wurdt.