Wykteams yn Ljouwert

Ljouwert is hielendal klear foar de oerdracht fan de soarch en oare taken fan it Ryk op 1 januaris 2015. Alle help- en soarchorganisaasjes en de gemeente wurkje gear yn wykteams om de sosjale problemen foar te kommen of better oanpakke te kinnen. De hântekens binne set.
Foar minsken of gesinnen dy't net troch de gewoane teams holpen wurde kinne is in spesjaal team opsetten mei spesjalisten. Ljouwert rint mei dizze oanpak sa fier foarop, dat oeral út it lân gemeenten nei de stêd takomme om de oanpak te besjen.