Lodeweges fuort by SC Cambuur

Trainer Dwight Lodeweges fan SC Cambuur is per direkt opstapt. Lodeweges giet fuort fanwege de opskuor oer syn transfer nei SC Hearrenfean. De fans fan Cambuur binne hjir lilk oer en lieten tiisdei op de besletten training fan Cambuur witte dat Lodeweges fuort moat. De trainer seit no dat it belang fan it earste alvetal foarop stiet en dat er him dêrom werom lûkt. Wol fynt Lodeweges it ferskriklik dat it sa rûn is.
De assistinten Henk de Jong, Jan Bruin, Sandor van der Heide en René Grotenhuis meitsje it seizoen ôf.