Hôf: Hege easken yn saak-Ooms

15 feb 2012 - 15:05

Tsjin de trije fertochten yn de saak Ooms is woansdei yn heger berop in finzenisstraf fan 18, 12 en 10 jier easke. Marinus Ooms waard seis jier lyn dea fûn yn syn hûs yn Haulerwyk. Hy wie om it libben brocht.

Boppedat waard foar de haadfertochte, dy't in eask fan 18 jier hearde, en de fertochte dy't 12 jier easkjen hearde, ek tbs frege. Fanwege it ekstreme geweld dêr't Ooms mei om it libben brocht is, soe it net ferantwurde wêze dat beide manlju sûnder behanneling wer yn de maatskippij weromkeare.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)