Koälysje Harns stap fierder

01 apr 2014 - 16:31

Yn Harns wurdt fierder sjoen nei in koälysje fan PvdA, Harnzer Belang en it CDA. Dat seit ynformateur Hein Kuiken. Hy draacht de ynformaasje woansdei oer oan in ûnôfhinklike ynformateur.

De PvdA, Harnzer Belang en CDA binne de trije grutste partijen nei de gemeenteriedsferkiezings. Mei syn trijen hawwe se in minimale mearderheid. Dêrom advisearret Kuiken om ek noch mei in fjirde partij te praten foar de nije koälysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)