Marrum hat in stoomlokomotyf

Der stiet wer in trein by it stasjon fan Marrum. Nei in reis fan goed 500 kilometer kaam de stoomlokomotyf út 1914 tiisdei oan. De lokomotyf komt út Dútslân, mar is identyk oan de eksimplaren dy't eartiids troch Noard-Fryslân rieden. De lokomotyf wurdt op it stasjon fan Marrum restaurearre.
Dizze simmer sil yn it stasjon in eksposysje te sjen wêze oer treinferkear yn Noard-Fryslân. Dêrfoar komme der ek noch twa persoanewagons út 1923 nei Marrum.