Soad kuierpaden yn SE-Fryslân

15 feb 2012 - 14:35

Der komt goed 410 kilometer oan kuierpaden by yn Súdeast-Fryslân. It útfieringsplan is woansdei oerlange oan de provinsje. Gebietsplatfoarm Súdeast-Fryslân hat de ôfrûne jierren in ynventarisaasje dien fan alle paden yn it gebiet.

Se kamen mei 89 opsjes. Dy binne foar it grutste part opnaam yn in tsiental rûtes. It moat slagje om fan rûchwei Drachten oer de paden nei De Kúnder te kuierjen. Der wurdt no jild socht om de rûtes begeanber te meitsjen.

Trefwurden: 
kuierpaden kuierje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)