Fernijde slûs fan Warkum iepen

De kapasiteit fan de fernijde slûs fan Warkum is no alwer te lyts. Dat fynt ûndernimmer Jelle Douma fan de jachthaven dêr. Neffens him soe der eins in nije slûs komme moatte, om de wettersporters yn 'e mjitte te kommen.
De slûs fan Warkum is sûnt tiisdei tagonklik foar gruttere boaten. De ôfrûne moannen is de drompel ferlege sadat der in djipgong ûntstien is fan 1.90 meter. De slûs oan de Warkumer kant hat ek nije floeddoarren krigen en it mitselwurk is opnij foege. It wurk is ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt.