Sluiter waarnimmer yn Harns

15 feb 2012 - 14:28

PvdA'er Roel Sluiter wurdt waarnimmend boargemaster fan de gemeente Harns. Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma makke dat woansdei bekend. Sluiter wie oant 2010 wethâlder fan de gemeente Ljouwert. Op dit stuit hat er ferskate funksjes yn it ûnderwiis en yn de wenningboukorporaasjebransj.

Sluiter sil fan takom wike woansdei ôf oan de slach as boargemaster. Hy folget Paul Scheffer op dy't op 31 jannewaris ôfskied naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)