Soarchsintrum Sint Anne klear

Soarchsintrum De Beuckelaer yn Sint Anne © Omrop Fryslân, Jan Durk de Haan
Deputearre Hans Konst iepenet nije wike tongersdei it nije wenkompleks foar âlderen yn Sint Anne. Dat bestiet út soarchsintrum It Bilt en in tal losse wenten. It kompleks is boud troch wenningstichting Wonen Noordwest Friesland. De bou hat twa en in heal jier duorre en is yn trije parten útfierd.
De bewenners fan de wenten kinne ek gebrûk meitsje fan de foarsjennings yn it soarchsintrum. It giet dan ûnder oare om dei-opfang, thússoarch en aktiviteiten.