Ferlies Jong SC Hearrenfean

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong SC Hearrenfean hat moandeitejûn mei 3-2 ferlern by Jong PEC Zwolle. Nei ien helte stie de thúsploech mei 2-0 foar. Yn de 75e minút makke Nwofor 2-1 út in strafskop nei in oertreding fan Fennich fan PEC, dy't in reade kaart krige. Ut de ôftraap makke PEC direkt 3-1. Yn de lêste minuut makke Nwofor de 3-2. It wie in matige wedstriid foar de Feansters. Om't konkurrint Heracles wûn, sakke Hearrenfean fan plak twa nei trije.